Mijn lijst met blogs

vrijdag 27 maart 2015

306 - Myn favorite boek



Twa wike tebek hienen wy in bysûnder jubileum te fieren: fjirtich jier lyn seagen wy inoar foar it earst op it stikje grien op De Kadal! Noch foardat wy nei de beukerskoalle gongen, kaam sy by my yn de strjitte wenjen – allinnich buuv en buum Wassenaar en frou Postma skieden ús sliepkeammerkes.

Yn fjirtich jier bart der in soad yn elts libben: der komme minsken by en fan in pear moat definityf ôfskie naam wurde. Der wurde blokfluit-, swim- en skoaldiploma’s helle. Relaasjes bloeie op en bliede wer dea. De studintetiid wurdt ynwiksele foar ‘it boarchlike bestean mei in echte baan’.
En der wurdt ferhúze, en sa wenje wie no 177 autokilometers fan inoar. 

Yn dy fjirtich jier wienen der perioaden dat wie alle dagen kontakt hienen, mear perioaden dat der likernôch gjin kontakt wie, oant der wat yngrevens barde oft wy wer ris ôfpraten. Twa wike lyn setten wy om 14.00 oere op in stasjon fan Swol útein mei praten… en om 22.00 oere doe’t de trein gie, wienen wy én noch net útpraat én hienen wy gjin tel stil west. Altiten is dy spesjale bân bleaun.

By in besite oan Swol ‘heart’ eins wol: omsneupe yn ‘Waanders in de Broeren’. Mei oare wurden, in besite oan de prachtige boekesaak yn de Broerentsjerke. De kolleksje is net folslein oars as by Van der Velde yn Ljouwert, mar it folsleine plaatsje is sa prachtich: it hege gebou dat dochs sfearfol is, in brasserie en ál dy boeken. Wy joegen inoar boeketips, wikselen ús mienings út oer boeken dy’t wy beide lêzen hienen én praten fansels oer eartiids. Oer de boeken dy’t wy lienden yn de byb fan Sint Jabik. Sy lies sa’n soad dat sy healwei de legere skoalle al C-boeken útsykje mocht… se hie alle aardige B-boeken doe al lêzen. Ik hold ek wol fan lêzen mar lies perfoarst net sa fluch en sa’n soad as sy.

‘Lutje de pony’ wie myn favorite boek, fertelde ik har. It wie yn dy ‘hynderperioade’ dy’t likernôch elts famke in kear yn har libben hat. It ferhaal fan in brún-wite pony dy’t ferkocht wurdt… of sa. Want ik wit it net mear persys. Ik wit allinnich noch dat it boek djippe yndruk op my makke – foaral dy ferkeap fan Lutje wie dramatysk – en ik dêrnei in hiel soad ‘Lutjes’ tekene haw mei myn filtstiften. Ien tekening hat lang op it plankje boppe myn bêd stien. Ik sjoch it noch sa foar my: it omslach mei de brún-wite pony en myn frije ynterpretaasje dêrfan.

In pear jier lyn haw ik noch wolris socht nei Lutje op websiden fan twaddehânsboekesaken. It likende wol foar altiten ferdwûn… oant fan ‘e jûn doe’t ik ynienen oan de besite oan ‘Waanders in de Broeren’ weromtocht. Ik pakte myn mobyl en socht gewoan nóchris op ‘Lutje de pony’… en jawis: te keap oanbean op Marktplaats foar € 0,10!

De keap is sletten, mei in pear dagen haw ik – as it goed is – myn favorite boek (ea? No, dat is wat te mâl) nei in dikke tritich jier wer yn hannen.

Ik bin bang dat dit wolris de deastek fan in romantisearre gefoel wurde kin…

zaterdag 21 maart 2015

305 - Opfallend (Lees vrouwen 2015)



Healwei ferline jier stie yn de Ljouwerter Krante en Dagblad van het Noorden in oprop foar in lêzer dy’t ree wie, sa no en dan in boek te besprekken fan in froulike auteur. En dat ûnder it motto: Lees vrouwen 2015. Oanlieding wie in ûndersyk nei boeken skreaun troch froulju en boeken skreaun troch manlju. Der waard (gelokkich) net in fergelyk makke nei kwaliteit, mar nei it tal boeken dat oandacht krijt yn de foarm fan bygelyks in resinsje. Oft in resinsje no poasityf of negatyf is, it is alle kearen wól oandacht. En oandacht yn de media betsjut ûnder eagen komme fan in soad minsken en faaks: ferkeap. Yn it artikel waard pleite foar in jier lang mear oandacht foar froulike auteurs.

De oprop foar ien lêzer smiet safolle reaksjes op – ik liuw wol in lytse 500 – dat besletten waard in lêsklup/panel op te rjochtsjen – de klup ‘Lees vrouwen 2015’ – én yn gearwurking mei boekhannels, útjouwers en skriuwers noch oare aktiviteiten te organisearjen rûnom dat tema: boeken skreaun troch froulju.

Hjoed tocht ik by it tichtslaan fan in boek (skreaun troch in frou) samar: hoe sit dat eins mei dat projekt en dy lêsklup ‘Lees vrouwen 2015’? Ik tocht fuort dernei ek oan wat ik yn de ôfrûne trije moannen lêzen haw: fan de acht boeken wienen seis skreaun troch in frou…

Syktocht
Om antwurd op de fraach oer de stân fan saken te krijen, gong ik nei Twitter en socht op #leesvrouwen2015, de hashtag dy’t de ynistatyfnimmers self neamden yn de kranten: fjouwer tweets yn 2015 wêrfan trije oer in lêzing yn Amsterdam en ien oer it ynisjatyf fan LC en DvhN.
Facebook dan: ik koe net in ‘community’ of sa fine.
De webside fan LC sels dan… gjin ‘hit’, mar ik moat dêrby ál tajaan dat sykje op ynternet net in talint fan my is.
Boekhannel Van der Velde wie tocht ik ien fan de boekhannels dêr’t mei gearwurke wurde soe… neat te finen oer ‘Lees vrouwen 2015’ op harren webstek.
De argyfside fan LC levere al in stik op oer ‘Lees vrouwen 2015’: in besprek fan it boek ‘Misschien wel niet’ fan Jannah Loontjens. Fiif leden fan de lêsklup jouwe yn it artikel harren miening oer it boek: Reina, Martha, Jouk, Froukje en Saskia.

Falt jo ek wat op oan dizze stikjes út dat artikel?
Ontzettend herkenbaar, oordeelt Reina Ringnalda uit Leeuwarden.
Ook Martha Brouwer uit Heerenveen heeft genoten
Een stuk minder te spreken over de roman is familierechtadvocate Jouk Dijkstra uit Appelscha.
Lerares Froukje van Welie uit Leeuwarden heeft zelf een dochter van dertig en ziet hoe ingewikkeld het leven van jongvolwassenen tegenwoordig is.
Misschien wel niet is een boek voor vrouwen, zegt Saskia Tijsma uit Emmen.

Spoiler alert!

Wat ik opfallend fyn: 
  • der komme fiif froulju oan it wurd. Werôm net in man? 
  • fan twa leden wurdt it berop neamd en fan trije net. Wêrom? 
  • Grinslân is by dit besprek net fertsjintwurdige. Der sitte dochs wol lêzers út Grinslân yn de lêsklup fan LC en DvhN?
Ik wie tige optein doe’t ik foar de earste kear lies oer it ynisjatyf fan LC en DvhN. Hartstikke leuk dochs! Mar wat ik der no fan sjoen haw en der fan weromfine kin… ik wit net oft it wat wurden is of dat it noch wat wurde sil. 
Soe spitich wêze. 
Oan de oare kant: noch njoggen moannen yn 2015!

zaterdag 7 maart 2015

304 - Nei de byb



Ferline wike makke it Centraal Bureau voor de Statistiek bekend dat Nederlanners oer it generaal, hjoed de dei fierder reizgje moatte nei in bibleteek, as earder. Dêrby waard yn de media as oarsaak dêrfan jûn: der binne de ôfrûne jierren bibleteken sleatten! No, dy redenaasje fan oarsaak en gefolch wie wier net te foarsizzen; ik hie it net betinke kend… Briljant.

Faaks wat flau om sa te reagearjen op dy ‘analyze’ mar sorry hear: dit seit dochs net sa’n soad? Wat binne wy no werklik wizer wurden fan dat sifer…
Ik wit dat it net oan it CBS is om der fierder ûndersyk nei te dwaan – sy mjitte allinnich mar de keale sifers en jouwe dy op in gegeven momint – mar ik hie sa stomme graach in fierdere analyze lêzen yn de kranteberjochten. Of haw ik dat allegear oer de holle sjoen?

Want wat as der net mear in bibleteek op 2 mar op 4 kilometer fan hûs is? Wurdt der dan ek fuort minder lêzen of makket dat net út? Foar in filmhûs, teater, skuonsaak of bistetún moat yn de regel ek wat fierder reizge wurde en dat wurdt dien. Mar hoe fier wol men eins reizgje foar in bibleteek? Is der in direkte relaasje tusken de ôfstân ta in bibleteek en it lêzen (fan boeken)? Misse wy de bibleteek wier as er slút? Of reizgje wie dan gewoan wat fierder… Of is it slúten fan de byb it momint, om op in oare wize oan lêsfretten te kommen?

De ôfrûne moannen haw ik in soad op de boeke-ôfdielings fan kringloopwinkels omtoarke. Wat is nammentlik it gefal: yn septimber ferline jier ik haw it projekt ‘Kinderzwerfboek’ ûntdutsen. Dit projekt is in inisjatyf fan ’Nationaal Fonds Kinderhulp’ en hat ta doel, bêrn yn de kunde komme te litten mei lêzen en boeken. Net eltse heit of mem giet mei de bern nei de bibleteek of boekesaak. Net elts bern krijt op de jierdei of Sinteklaas in boek. Bygelyks om’t de sinten der net binne. Kinderzwerfboek wol op in ‘spannende wize’ boeken by de bern krije: troch se oeral omsweve te litten. Net om nei it finen te hâlden, mar om se nei it lêzen wer troch te jaan. Dat trochjaan kin hiel gewoan troch it boek te oerlangjen oan in freon, klasgenoat, buorjonkje, neef of sa. It kin op de bekende wize fan in kast dêr’t it nei it lêzen yn weromset wurdt – in saneamd ‘Kinderzwerfboekstation’ – mar it kin ek troch in ‘swalkboek’ op in ûnferwacht plak efter te litten dêr’t ien it fynt!
De swalkboeken moatte yn it foar al efkes registrearre wurde yn in lanlik systeem en krije dan in unyk nûmer. Foar swalkboeken binne spesjale plakplaatsjes dêr’t dat nûmer op komt. Sa is it boek werkenber as swalkboek én it is te folgjen. Eins is ‘Kinderzwerfboek’ gewoan bookcrossing foar bern.

Tegearre mei in freondinne haw ik it inisjatyf naam om in stasjon yn te rjochtsjen yn Dronryp en de Roomske skoalle hat dat idee omearme. Yn oktober waard it stasjon offisjeel iepene en kinne bern boeken út dy kast meinimme, lêze en wer trochjaan/omsweve litte. Bern kinne fansels ek harren eigen boeken dy’t se wol kwyt wolle (in bern wol yn de regel syn boartersguod en boeken hielendal net kwyt!) oanmelde en yn dat stasjon bringe. It klinkt as in bibleteek op skoalle (wêrby ‘lienrjochten’ ûntdûkt wurde) mar dat is it perfoarst net: de boeken hoege net werom. Leaver net selfs: sy moatte fierder swalkje, nei in oar bern. Dit betsjut al, dat sa’n stasjon leger en leger rekket. In twa kear yn de moanne reizgje ik dêrom nei in kringloopwinkel en helje ik foar in tientsje in boek as 20. Ja wier, knappe berneboeken by de kringloop binne in 30 oant 90 sinten…

Eins wie ik in bytsje ferbjustere oer dat lege bedrach (mar moai dat op dy wize boeken berikber binne en bliuwe foar bygelyks minsken mei in smelle beurs) en krige it deroer mei in tal freondinnen. En wat hearde ik meardere kearen: sy gongen al hiel lang net mear mei de bern nei de bibleteek mar geregeld nei de kringloop! Yn de byb is it lienen fan boeken foar bern dan wol fergees, mar wat in gedonder dat de boeken binnen in sekere tiid wer werom moatte! Dat giet yn de regel mis en moat der wer in boete betelle wurde… foar it jild fan de boete (dy’t der dochs komt) keapje se leaver boeken by de kringloop. Ek sit der oan it lienen fan boeken in limyt en guon bern lêze gewoan  (gelokkich) in hiel soad. Dat op en del gefyts nei dy byb… Hup foar tientsje in tas fol boeken by de kringloop wei en heit en mem én bern binne wer efkes fan al dat gedonder ôf.
Ik wie foar de twadde kear yn koarte tiid ferbjustere.

Ik wit dat net eltsenien efkes nei de kringloop kin om foar tientsje boeken te heljen, mar der is dus ‘in kategory’ boekeleafhawwers dy’t de byb net meat nedich hat. Oft de byb no op 2 of op 4 kilometer ôfstân is. Dát fyn ik dan ek wol wer bemoedigjen: der is in libben nei (of njonken) de byb.
Swalkboeken, kringloopwinkels…

Is der ien dy’t sokke ûntjouwings efkes neier foar my ûndersykje wol? Dat seit (my) mear as sa’n keal sifer oer ôfstân ta in byb.

(sjoch ek ris op www.kinderzwerfboek.nl)