Mijn lijst met blogs

zaterdag 7 maart 2015

304 - Nei de byb



Ferline wike makke it Centraal Bureau voor de Statistiek bekend dat Nederlanners oer it generaal, hjoed de dei fierder reizgje moatte nei in bibleteek, as earder. Dêrby waard yn de media as oarsaak dêrfan jûn: der binne de ôfrûne jierren bibleteken sleatten! No, dy redenaasje fan oarsaak en gefolch wie wier net te foarsizzen; ik hie it net betinke kend… Briljant.

Faaks wat flau om sa te reagearjen op dy ‘analyze’ mar sorry hear: dit seit dochs net sa’n soad? Wat binne wy no werklik wizer wurden fan dat sifer…
Ik wit dat it net oan it CBS is om der fierder ûndersyk nei te dwaan – sy mjitte allinnich mar de keale sifers en jouwe dy op in gegeven momint – mar ik hie sa stomme graach in fierdere analyze lêzen yn de kranteberjochten. Of haw ik dat allegear oer de holle sjoen?

Want wat as der net mear in bibleteek op 2 mar op 4 kilometer fan hûs is? Wurdt der dan ek fuort minder lêzen of makket dat net út? Foar in filmhûs, teater, skuonsaak of bistetún moat yn de regel ek wat fierder reizge wurde en dat wurdt dien. Mar hoe fier wol men eins reizgje foar in bibleteek? Is der in direkte relaasje tusken de ôfstân ta in bibleteek en it lêzen (fan boeken)? Misse wy de bibleteek wier as er slút? Of reizgje wie dan gewoan wat fierder… Of is it slúten fan de byb it momint, om op in oare wize oan lêsfretten te kommen?

De ôfrûne moannen haw ik in soad op de boeke-ôfdielings fan kringloopwinkels omtoarke. Wat is nammentlik it gefal: yn septimber ferline jier ik haw it projekt ‘Kinderzwerfboek’ ûntdutsen. Dit projekt is in inisjatyf fan ’Nationaal Fonds Kinderhulp’ en hat ta doel, bêrn yn de kunde komme te litten mei lêzen en boeken. Net eltse heit of mem giet mei de bern nei de bibleteek of boekesaak. Net elts bern krijt op de jierdei of Sinteklaas in boek. Bygelyks om’t de sinten der net binne. Kinderzwerfboek wol op in ‘spannende wize’ boeken by de bern krije: troch se oeral omsweve te litten. Net om nei it finen te hâlden, mar om se nei it lêzen wer troch te jaan. Dat trochjaan kin hiel gewoan troch it boek te oerlangjen oan in freon, klasgenoat, buorjonkje, neef of sa. It kin op de bekende wize fan in kast dêr’t it nei it lêzen yn weromset wurdt – in saneamd ‘Kinderzwerfboekstation’ – mar it kin ek troch in ‘swalkboek’ op in ûnferwacht plak efter te litten dêr’t ien it fynt!
De swalkboeken moatte yn it foar al efkes registrearre wurde yn in lanlik systeem en krije dan in unyk nûmer. Foar swalkboeken binne spesjale plakplaatsjes dêr’t dat nûmer op komt. Sa is it boek werkenber as swalkboek én it is te folgjen. Eins is ‘Kinderzwerfboek’ gewoan bookcrossing foar bern.

Tegearre mei in freondinne haw ik it inisjatyf naam om in stasjon yn te rjochtsjen yn Dronryp en de Roomske skoalle hat dat idee omearme. Yn oktober waard it stasjon offisjeel iepene en kinne bern boeken út dy kast meinimme, lêze en wer trochjaan/omsweve litte. Bern kinne fansels ek harren eigen boeken dy’t se wol kwyt wolle (in bern wol yn de regel syn boartersguod en boeken hielendal net kwyt!) oanmelde en yn dat stasjon bringe. It klinkt as in bibleteek op skoalle (wêrby ‘lienrjochten’ ûntdûkt wurde) mar dat is it perfoarst net: de boeken hoege net werom. Leaver net selfs: sy moatte fierder swalkje, nei in oar bern. Dit betsjut al, dat sa’n stasjon leger en leger rekket. In twa kear yn de moanne reizgje ik dêrom nei in kringloopwinkel en helje ik foar in tientsje in boek as 20. Ja wier, knappe berneboeken by de kringloop binne in 30 oant 90 sinten…

Eins wie ik in bytsje ferbjustere oer dat lege bedrach (mar moai dat op dy wize boeken berikber binne en bliuwe foar bygelyks minsken mei in smelle beurs) en krige it deroer mei in tal freondinnen. En wat hearde ik meardere kearen: sy gongen al hiel lang net mear mei de bern nei de bibleteek mar geregeld nei de kringloop! Yn de byb is it lienen fan boeken foar bern dan wol fergees, mar wat in gedonder dat de boeken binnen in sekere tiid wer werom moatte! Dat giet yn de regel mis en moat der wer in boete betelle wurde… foar it jild fan de boete (dy’t der dochs komt) keapje se leaver boeken by de kringloop. Ek sit der oan it lienen fan boeken in limyt en guon bern lêze gewoan  (gelokkich) in hiel soad. Dat op en del gefyts nei dy byb… Hup foar tientsje in tas fol boeken by de kringloop wei en heit en mem én bern binne wer efkes fan al dat gedonder ôf.
Ik wie foar de twadde kear yn koarte tiid ferbjustere.

Ik wit dat net eltsenien efkes nei de kringloop kin om foar tientsje boeken te heljen, mar der is dus ‘in kategory’ boekeleafhawwers dy’t de byb net meat nedich hat. Oft de byb no op 2 of op 4 kilometer ôfstân is. Dát fyn ik dan ek wol wer bemoedigjen: der is in libben nei (of njonken) de byb.
Swalkboeken, kringloopwinkels…

Is der ien dy’t sokke ûntjouwings efkes neier foar my ûndersykje wol? Dat seit (my) mear as sa’n keal sifer oer ôfstân ta in byb.

(sjoch ek ris op www.kinderzwerfboek.nl)

Geen opmerkingen:

Een reactie posten