Mijn lijst met blogs

donderdag 6 februari 2014

302 - Swimbad


Fansels hienen wy swimles! En nee, net dat oerke skoalswimmen op tongersdeitemiddei. Dat stelde hielendal neat foar. Tsjin de tiid dat dat skoalswimmen (pûdeljen) útein sette, hie ik A en B al lang.

Yn de tiid dat myn sus en ik op swimles gongen, beseften ús heit en mem dat se hielendal net mei ús te swimmen koenen wannear’t wy ús A en B helle hienen! Doe’t heit en mem yn harren bernsjierren  wienen, bestie der noch net soks as swimles en skoalswimmen. Ik wit net krekt mear op hokker jûn ús heit en mem nei les gongen en oft dat ien of twa kear yn de wike wie. Wêr’t ik wis fan bin is dat myn sus en ik op tiisdei- en tongersdeitemiddei nei badmaster Sytse, Klaas, Thom of badjuf Thea gongen. Sytse wie myn favoryt want dêr koe ik mei âldehoere en gekjeie. Wy hienen gewoan in klik. Klaas wie de moaie jonge dat dêr waard ik wat skrutel fan. Thom fûn ik, troch syn donkere krollen en burd ing. It like, as wie er al boas wannear’t wy út it ferstrûpershok kamen en ûnder de grutte, mienskiplike brûs stapten (mei faker kâld as waarm wetter). Oh, en dan wie der noch Thea dy’t wol in freonlik antlit hie mar fierder net echt yndruk op my makke hat.

Blykber hienen wy allegear wol niget oan it swimmen en faaks dat heit en mem it ûnder de knibbel krijen fan it swimmen ek wat fuortsterkje woenen, want - njonken les op tiisdei en tongersdei – gongen wy op freedtejûn ék nochris rekreaasjeswimmen! Ik haw it no oer de tiid dat wy noch in auto hienen, foar de krisis fan de jierren ’80 foarige ieu. In prachtige Renault 16. Wy pasten mei ús trije smelle kontsjes mei gemak op de efterbank dat it buorfamke – doe yn de puberleeftyd – gong ek noch wolris mei. It wie heit net gau te mâl yn guon opsichten... ik heuch my dat op in jûn út it swimmen wei, myn jongste suske – jier as fiif - weromstjoerde! Fjouwer kilometer autoride by heit op skutte, mei fiif oaren yn de auto...

Steefêst leinen wy dus alle wiken trije kear yn in gloarwetter. Wie it écht in dolle boel dy wike, dan gongen wy as bern ek nochris mei heit op sneintemoarn swimmen, wylst mem by beppe op besite wie yn it âldereintehûs. Al dy oeren weakje yn it wetter die fertúten – derfan útgeande dat kompetysje en winne wichtich is – want yn klasse fiif wie ik de fluchste swimmer fan ús legere skoalle. Op Biltske swimwedstriden waard ik tredde (of sa). Net min.

Eins swim ik no allinnich noch yn bûtenwetter. It is net de rook fan it gloar, of de reade eagen wêrmei’t ik nei it swimmen alles dizenich sjoch. It is ek net al it wiete guod dat dan wer mei nei hûs moat. (Efkes tuskentroch: eartiids hienen wy in spesjale keunststof swimtas wêryn’t neffens my in gemyske reaksje ta stân kaam tusken it gloar yn it swimpak en de rubbereftige binnenkant fan myn oranje mei giele tas.) It binne de hierren yn it wetter en op de flier, it is de klamme hûd nei it swimmen wêrtroch ik de klean net mear oanstrûpe kin. De broek bliuwt fêstplakt sitten healwei de billen en it shirt healwei myn earms... en dat wylst ik de holle al yn it shirt haw. Mei dat triko op myn antlit kin ik súver net sykhelje!

Ien ding mis ik al no’t ik gjin foet mear oer de drompel fan in swimbad of subtropysk swimparadys set... Eartiids makke it swimmen, dûken en springen yn kombinaasje mei de rook fan gloar, roppich. Op freedtejûn wie der dan ek steefêst moarnskoeke mei bûter.
Lekkerder dan dát, bestiet net.


woensdag 5 februari 2014

301 - Tûzendingending



Plôke beantsjes kinne deryn, of apels, prommen en ierdbeien.
In hânwask of de knipers.
Ierappels en – nei wat skraabjen, pitte en snijen – de ierappelskielen.  
Smoarge fuotten of in swolle finger kinne deryn, wannear’t er fold is mei polkewetter.
It kin de brûkte motoroalje opfange, dy’t ferfarske wurde moat.
Mei wat modder deryn soe it selfs in blommebakje wurde kinne, en mei fan dy wite kerrels in kattebak.
Fansels kinne de smoarge kopkes, boarden, glêzen, messen, foarken, leppels en leppeltsjes deryn om ôf te waskjen. En wannear’t dat op de kemping klear is, kin al dat guod der ek wer skjin en droech yn werom. Dan is it in soarte fan tas.
In tobke is eins in tûzendingending!

In pear moanne lyn wie op televyzje in programma weryn’t in groep fan wat âldere minsken mei-inoar troch East-Europa reizge: in kerreven- en kemperklup. Benammen op fakânsje docht it tobke de namme ‘tûzendingending’ eare oan, en it wie dan ek likernôch alle wiken yn byld. Eins allinnich mono-kleuren foel my wer op: in tobke mei in printsje – blommen, streekjes, bisten, stippen, grutte reade lippen – haw ik noch nea sjoen! Wêrom eins net?
In frou die in hânwaskje yn in tobke en gilde doe’t se de wask yn de droechdraaier hie: ‘Dit noemen ze dan een centrifuge!’ Minsk doch efkes normaal en net sa ferwend. Dat jo net oars witte as dat in sintrifúzje ûnderdiel is fan in foarladerwaskmasine betsjut net fuort dat sa’n losse droechdraaier dêr’t jo net mei omgean kinne en dus hielendal ferkeard foltroppe hawwe, âlderwetsk of dûm is! Ik wit net oars as dat ús heit en mem sa’n losse sintrifúzje hienen en dat wurke prima... as er goed fold wie en der boppe-op de wask in plestik ding pleatst waard. Foar de draaidroeger, ûnder de wetterôffier stie in tobke. In tige bysûnderen ien fanwegen de twadde funksje fan dit tobke...

Neffens my bin ik as bern net faak nachts yn de baan west, mar wannear’t dat sa wie dan die mem de gaskachel yn de keamer oan en sieten we dêr tegearre wylst de foarkant fan it liif waarm waard en de efterkant kjel bleau. De skynbonken waarden betiden selfs read en pynlik.
Mei pynyntear makke mem sinneblomoalje waarm en treau dan in woltsje mei dat hite guod it ear yn. It ear baarnde der hast ôf! Wannear’t ik mislik wie, krige ik it sintrifúzjetobke op de skutte...

It wie grien mei stikjes fleis, spek tink, en it stonk alderferskuorrendst doe’t it út myn maachje yn it tobke telâne kaam. Noch altiten kin ik dy rook yn myn gedachten weromhelje en alle kearen wannear’t ik it winters rûk moat ik suver kokje. Wat ik dy nacht nocht net wist, is dat ik dy middeis foar de lêste kear yn myn libben snert hân hie...


dinsdag 4 februari 2014

300 - Spaanske dûnseres



Wy hienen by ús thús net alle trije in eigen keamerke. De earste jierren sliepte ik mei myn âldere sus net allinnich yn deselde keamer, wy dielden ek noch it bêd! In ‘twivelder’, wat foar bern fan fjouwer, fiif jier fansels grut genôch wie. Wat de romte oanbelanget gie dat dielen wol goed, allinnich waard it yn sliep fallen dreger en dreger mei de jierren. Wy praten te lang en dienen spultsjes, lykas wurden skriuwe en figueren tekenje op elkoars rêch. Wy klierden inoar ek wolris en fûnen dan dat de oar in te grut plak yn it bêd ynnaam... In keamerke derby timmerje koe net, mar ál koe ús heit in stikje fan de fliering opofferje foar in bedstee. Dan soenen wy noch wol yn ien keamer sliepe, mar net mear yn ien bêd. Dat heit – timmerman – makke dat nije sliepplak. Oant de bedstee klear wie, moast der in oare oplossing komme en ús âlden betochten dat ien fan ús dan mar yn harren bêd sliepe moast. Op it momint heit en mem dan op bêd gongen, tôge heit de sliepster nei de oare yn de ‘twivelder’.

Yn de sliepkeamer fan heit en mem wie in lytse, iepen ynboukast mei in trije, fjouwer plankjes. Der stienen in pear boekjes yn dy kast wêrûnder de searje ‘De bezetting’ fan Lou de Jong, en dat prachtige blikje. Swart mei in Spaanske dûnseres derop, mei in reade, wiid útrinnende jurk oan, lang swart krollerich hier en in waaier yn de rjochter hân. Faaks noch moaier dan de Spaanske dûnseres wienen de letters op it blikje: sierlik, grasjeus. Prachtich.

Ien kear doe’t ik sliepe moast op it bêd fan heit en mem hie ik it lef dat prachtige blikje beet te krijen en mei te nimmen op bêd. Ik draaide de wite dop derôf en seach dat der ûnder de dop net in grut gat siet, mar in soarte fan twadde dop mei seis lytse gatsjes. Ik hold it blikje op de kop en der kaam wite poeier út mei ien fan de hearlikste roken dy’t ik ken.

It blikje waard nea brûkt. Net om’t de ynhâld te kostber wie, mar om’t wy it net nedich hienen. Wêr brûkt in minsk eins talkpoeier foar, útsein foar de reade kont fan in poppe? Ik haw it opsocht op ynternet, want ik koe self dy fraach net beänderje.
1. Talkpoeier is goed by skuorjende skonken! Wannear’t in frou in koart rokje oan hat – dan freegje ik my fuort ôf wêrom’t dit ferhaal net opgiet by lange rokken – kinne de skonken tsjininoar skuorje. Om’t de frou x-poaten hat, grauwe skonken of in switterige hûd... Om it lekkere glydzjen fan hûd op hûd te befoarderjen, kinne de skonken oan de binnenkant ynpoeierd wurde.

Ik soe der nochris ekstra oer neitinke by in swart rokje.
En wêrom soe in frou yn in koart rokje allinnich lêst hawwe kinne fan skuorjende skonken? En mannen mei x-poaten, grauwe skonken of in switterige hûd yn strakke swimbroek dan?

2. Talkpoeier is ferkuoljend foar de folsleine lea! Under de brûs wei, gewoan de bealch bepoeiere en it fielt fuort in pear graden kâlder oan.

No haw ik it immen en altiten kâld, dat ik haw dy ferkuolling net nedich, mar oft ik oars de talkpoeier der bypakke soe. It likenet my dat josels bepoeiere noch net sa maklik is... wannear’t it de bedoeling is, de waskbak, it doeskleedsje en de handoeken oan de heakjes poeierleas te hâlden.

3. Talkpoeier is in goed medisyn by switpoaten. De dampige, waarme omjouwing yn sokken en skuon is it ultime briedplak foar skimmels en baktearjes.

Alteast dat lês ik no krekt, want lykas dat ik gjin lêst haw fan skuorjende skonken en in te hege lichemstemperatuer, haw ik ek gjin switpoaten en switsokken.

No, superhandich om te witten, mar no bin ik der hielendal fan oertsjûge dat wy thús de talkpoeier yn dat blikje net brûkten, om’t wy it net nedich hienen. No ja, dy iene jûn haw ik der dus omraak mei struit op de kessens fan heit en mem. Dat sy hawwe dy nacht de holle koel holden!


maandag 3 februari 2014

299 - Sipelloads



Wy wienen der alle dagen tichtby, wy koenen it sjen mar mochten en koenen der net komme. De sleat tusken ús tún en it stik lân njonken de sipelloads wie te breed om oerhinne te springen. Ienkear haw ik it besocht mei in pols. Net earst efkes oefenje by in greppel of in sleatsje... nee, fuort it grutte wurk. Goed besjoen sprong ik gewoan yn ien kear yn it midden fan de sleat en hâlde derby in pols losjes yn de hân. Thús moast ik de wiete boartersklean yn it hok útstrûpe en koe ik fuort ûnder de brûs stappe. Freondintsjes seagen der ferheard fan op dat mem net boas wie fanwegen myn wiete klean. Dat sy dat tochten fûn ik dan wer frjemd...

Oan de foarkant fan de sipelloads wie in braak stikje lân mei heech gers dêr’t wy altemet blommen plôken. Tichter by it mystike plak bin ik nea kaam as by it blommen plôkjen op dat stikje lân en dy sprong yn de sleat. It wie ferbean terrein om’t der ris in jonkje ferûngelokke wie, yn myn ûnthâld. It sil myn bernige fantasij west hawwe dy’t betocht, dat der in jonkje oer de swarte rinnende bân út de loads nei bûten fierd waard, en boppe-op de grutte bult ôfkarde sipels dea delfallen wie. Rûnom dy deadzjende, rinnende bân mei grutte bult sipels soe in soarte fan tsjokke sipelsop wêze dêr’t ien yn fersûpe koe. In soarte fan driuwsân fan sipelskilen... Wie it bernige fantasij of dochs...

In pear kear jiers wie de sipelloads dochs noch hiel tichtby. Tichteby koe net nammentlik yn de noastergatten! Dan stie de wyn ferkeard en stonk it om hûs nei rotsjende sipels.
As baarnde de tsjokke sipelsop oan.

De sipelloads wie in tsjuster plak en it spyt my noch dat ik die iene kear dat of heit of mem der yn west hat, net mei wie. Dy iene kear dat ien fan harren binnen west hat wie om in grutte klos katoentried te keapjen. Mei dat wite tried waarden de sekjes mei sipels masinaal tichtnaaid... en dat tried wie ek tige geskikt om mei te haken! Wy hienen thús haakte gerdyntsjes – ‘valletjes’ – fan sipelsektried foar de rúten! Gerdyntsjes mei in patroan fan, ik tocht, hertsjes... of.. nee, it sille dochs gjin sipeltsjes west hawwe?  


zondag 2 februari 2014

298 - Seedyk



Hoe lang bin ik dêr no net mear west? Jierren! En dat is meastentiids in goed teken. It is myn neitinkplak, myn prakkesearplak, myn efkes-alles-op-in-rychje-sette-plak. Dat kinne ek prachtige tinsen wêze, hear, dy’t yn de beste folchoarder set wurde moatte. Lang net op de seedyk west hawwe betsjut dat ik goed yn balâns bin, dat it neitinken gjin soarchlike foarm oannaam hat. Mar wat bin ik der in soad west en wat haw ik dêr yn it ferline mei deemoedigens oer skreaun...

Swarte stiennen dy’t hurd as in rige waarme kessentsjes ús beskermje tsjin it wylde waadwetter.
Skiep rint sûnder te sjen nei in ein, frettend de skeane dyk del. Sy tinke net oer wat der west hat, wat se dwaan moatte, en wêrom alles giet sa as it giet.
In grutte grientesaak rekt him foar de dyk del: it ljochtgriene kwelderkrûd sjocht der út om op te iten.    
Wite fûgels dûnsje oan de kjim in spesjaal foar my makke balletkoreografy.
Reid rûzet yn de wyn en weaget mei myn tinsen mei nei rjochts en lofts. De plústerige plommen skilderje in iepenbrutsen swurk mei in woltsjespatroan as yn in keunstwurk fan...
Bob Ross?

Oan alles by de seedyk krekt boppe de Westhoek kin ik skildereftich weromtinke. Ik haw it sa faak sjoen en field. Ik haw it yn my opnommen om nea wer fuort te jaan of kwyt te reitsjen. Utsein...

Wannear’t ik by de trep  of - sa as in echte Biltker docht -skean by de dyk oprin, sjoch ik bytsje by bytsje it wide Waad foar my útstald wurden. Ik hâld sa lang mooglik de siken yn oant it écht net oars kin. Dan lit ik it los: de lêste skjinne lucht yn myn liif. Ik folje noas en longen mei dy typyske waadseelucht. Net om’t ik dat djip yn my opnimme wol, net om in hichtepunt sa lang mooglik foar my út te skowen, mar om’t ik oars smoar. Ik moat it talitte: de lucht dy’t my tinken docht oan fisk.
Deade fisk.
Bytsje spitich dat dát ek by it plak heart.

It fielt as in wiere ferromming: it momint dat ik yn myn auto stap mei de Ambi Pur Pacific Air.