Plôke beantsjes
kinne deryn, of apels, prommen en ierdbeien.
In hânwask of de
knipers.
Ierappels en –
nei wat skraabjen, pitte en snijen – de ierappelskielen.
Smoarge fuotten
of in swolle finger kinne deryn, wannear’t er fold is mei polkewetter.
It kin de brûkte
motoroalje opfange, dy’t ferfarske wurde moat.
Mei wat modder
deryn soe it selfs in blommebakje wurde kinne, en mei fan dy wite kerrels in
kattebak.
Fansels kinne de
smoarge kopkes, boarden, glêzen, messen, foarken, leppels en leppeltsjes deryn
om ôf te waskjen. En wannear’t dat op de kemping klear is, kin al dat guod der
ek wer skjin en droech yn werom. Dan is it in soarte fan tas.
In tobke is eins
in tûzendingending!
In pear moanne lyn
wie op televyzje in programma weryn’t in groep fan wat âldere minsken mei-inoar
troch East-Europa reizge: in kerreven- en kemperklup. Benammen op fakânsje
docht it tobke de namme ‘tûzendingending’ eare oan, en it wie dan ek likernôch
alle wiken yn byld. Eins allinnich mono-kleuren foel my wer op: in tobke mei in
printsje – blommen, streekjes, bisten, stippen, grutte reade lippen – haw ik
noch nea sjoen! Wêrom eins net?
In frou die in
hânwaskje yn in tobke en gilde doe’t se de wask yn de droechdraaier hie: ‘Dit noemen
ze dan een centrifuge!’ Minsk doch efkes normaal en net sa ferwend. Dat jo net
oars witte as dat in sintrifúzje ûnderdiel is fan in foarladerwaskmasine
betsjut net fuort dat sa’n losse droechdraaier dêr’t jo net mei omgean kinne en
dus hielendal ferkeard foltroppe hawwe, âlderwetsk of dûm is! Ik wit net oars
as dat ús heit en mem sa’n losse sintrifúzje hienen en dat wurke prima... as er
goed fold wie en der boppe-op de wask in plestik ding pleatst waard. Foar de
draaidroeger, ûnder de wetterôffier stie in tobke. In tige bysûnderen ien
fanwegen de twadde funksje fan dit tobke...
Neffens my bin ik
as bern net faak nachts yn de baan west, mar wannear’t dat sa wie dan die mem de
gaskachel yn de keamer oan en sieten we dêr tegearre wylst de foarkant fan it
liif waarm waard en de efterkant kjel bleau. De skynbonken waarden betiden
selfs read en pynlik.
Mei pynyntear
makke mem sinneblomoalje waarm en treau dan in woltsje mei dat hite guod it ear
yn. It ear baarnde der hast ôf! Wannear’t ik mislik wie, krige ik it
sintrifúzjetobke op de skutte...
It wie grien mei
stikjes fleis, spek tink, en it stonk alderferskuorrendst doe’t it út myn
maachje yn it tobke telâne kaam. Noch altiten kin ik dy rook yn myn gedachten
weromhelje en alle kearen wannear’t ik it winters rûk moat ik suver kokje. Wat
ik dy nacht nocht net wist, is dat ik dy middeis foar de lêste kear yn myn
libben snert hân hie...
Geen opmerkingen:
Een reactie posten