Mijn lijst met blogs

zaterdag 1 februari 2014

297 - Prakte parren



Neffens my dienen wy thús wat, dat net it meast wenstich is yn Nederlân...

Wa’t in resepteboek iepenet, sjocht ûnder ‘stienparren’ benammen:
- de readseane par as oanhingsel fan in bol iis;
- de par oan smots stampt as bygerjocht;
- de par as folling fan in taart of
- as griente by in stikje sukade.
By ús thús wie dat dus oars: wy ieten stienparren as wie it blomkoal, reade biten of woartels. En de par waard dan ek troch de Dorés prakt! Ja, by ús thús wienen wy echte prakkers en ik tink dat ik dêrmei pas nei myn tweintichste opholden bin. Ik koe al earder mei foarke en mes ite, mar it wie net echt nedich. Dat waard oars doe’t ik studearre en oan it wurk gie. Ik liuw dat it selfs noch koart de gedachte west hat, etikette as fak oan te bieden by myn Hbû-oplieding. Ien kear oan it wurk koenen wy nammers wolris in lunsgearkomste hawwe kinne, in sakediner of in netwurkbuorrel. Dan is fatsoenlik ite kinne, wol handich. De etikettelessen binne der nea kaam, mar dat is my gelokkich (noch) net opbrutsen.

Werom nei de stienpar fan thús.
Wie it ynearsten in soarte fan eksklusive griente dy’t wy allinnich mei kryst krigen – tink ik – letter stienen de stienparren alle sneontejûns te protteljen. Yn in doarp mei in soart hôven – mei appels, prommen en parren – wienen dy dingen fansels ek by sekfollen foar in pear sinten te krijen...
Nei it ôfwaskjen op sneontejûn, wie it meastentiids heit dy’t de stienparren skile. Mei allinnich wat sûker derop, wat wetter derûnder en in soad tiid deryn, sette it wachtsjen útein.
Alteast: echt wachtsjen wie it fansels net. It wie net nedich, der njonken te sitten en it each derop te hâlden. It pantsje parren prottele wat en ûnderwilens koe der televyzje sjoen wurde, lêzen wurde of koenen der spultsjes dien wurde. Dat lêste barde net echt, hear. Yn de measte húshâldings komt sneontejûn it scrabbleboerd hielendal net op de tafel. Dat spultsjesdwaan bart benammen yn nostalgyske mearkes... By ús waarden de parren dus reader en reader wylst wy televyzje seagen en it koe dan samar sa wêze dat krekt tsjin alven ien nei it húske gie en rôp: “De parren steane noch op! Dy kinne no wol út, tink!?” De reade, plakkerige spatten fan it sûkerwetter sieten dan alwer by de muorre op. En it plaksel hie alwer in hast net út te wiskjen spoar makke, by de panne del op it gasstel.
En dan dy rook! Wat is in lyts keukentsje dan in útkomst: de rook fan reade stienparren waard der hielendal opinoar drukt. Ien hearlike, aromatyske muorre!

Self haw ik nea sokke ynreade, lekkere stienparren klearmeitsje kind as thús.
Wie my dat al slagge? Ik hie se fuort wer troch de jirpels prakt!

Geen opmerkingen:

Een reactie posten