Mijn lijst met blogs

vrijdag 31 januari 2014

296 - Pake



Ien kear binne wy mei ús fjouweren op de fyts nei pake en beppe west... mar sy wennen dan ek yn Makkum en dat wie in 35 kilometer hinne en itselde tal kilometers wer werom! Gjin kataai. Oan de oare kant: in alvestêdetocht is in 200 kilometer en dat dogge se ek op ien dei. Yn dat ljocht is in 70 kilometer mar in hoannetrêd.
It wie yn de tiid dat wy gjin auto mear hienen; der wie gewoanwei gjin jild mear foar. Ach, fan in soad fytsen is noch nea ien minder wurden, it iepenbier ferfier brocht ús nei in soad plakken en dan wie der ek noch aardige famylje dat ús wolris helle en brocht. Mar dy iene dei mei sinneskynwaar setten wy op de fyts ôf nei it âldereintehûs mei de ‘klassike’ namme: Avondrust. Wat ik noch fan de fytstocht wit, is dat wy yn de haven fan Harns efkes skoft hâlden hawwe. Op it trepke namen wy foto’s. Ik makke in foto fan heit, mem en myn sus en dêrnei makke myn sus in foto fan myn âlden en mij.

Och, wat hie ik in grouwélige hekel oan myn bril! Eins haw ik dat no noch, mar hjoeddedei kinne der linzen fanôf. Selfs fan de saneamde reservebril sjoch ik no ôf sa’n hekel haw ik oan sa’n ding. Likernôch de folsleine skoaltiid op it fuortset ûnderwiis hie ik de bril yn de skoaltas, útsein ûnder de lessen. Wêrom ik dat ding dan net yn in brillekoker hie, is my no in riedsel. Geregeld siet de bril platdrukt tusken de skoalboeken. Dêrtroch waard er – skelf dat er wie – noch stommer as er al wie! Under famylje hie ik de bril ek wol op, en sa ek dy kear dat wy nei pake en beppe fytsten. Mei dat stomme ding op de foto koe fansels net! Dat wa’t no hiel goed nei dat plaatsje sjocht, wurdt gewaar dat ik wat op myn knibbel dellein haw...

It keamerke yn Avondrust wie mar lyts en dochs stienen der noch fjouwer grutte stuollen yn en faaks ek noch in grutte tafel mei stuollen. Want wy sieten nea by de grutte minsken oan tafel – ja dat wie doe noch sa, doe hoegden bern net oeral op de snút by te sitten as binne it folwoeksenen – dat wêr sieten wy dan al? Dat moat oan de grutte tafel west ha.
It moaiste oan Avondrust wie de boppeste ferdjipping fan it ‘rekreaasjegebou’: dat seach út oer de Iselmar. Fierder wie der by it âldereintehûs in hertekamp... Of in geitekamp. Dêr wol ik ôf wêze.
Al mei al mar twa plakken dêr’t wy as bern efkes hinne koenen, wylst heit en mem mei pake en beppe sieten te praten. Yn dat lytse keammerke, tsjokfol meubels én stiiffol mei reek.
Sigarereek.
It wie op de gong al te rûken...
en it wie hearlik...


1 opmerking: