Mijn lijst met blogs

maandag 27 januari 2014

295 - Muoike Richt



't Hok waard folset mei âlde meubels. Muoike Richt wie krekt ferstoarn en om't se gjin bern hie moasten heit en mem it lytse keamerke yn 't âldereintehûs leech helje. De grutte rôze stoel gie mei nei Monnikendam; in oergryslik kitserige lampe bleau by ús en ek in berchmeubel. Wa is net ôfgryslik nijskierich nei wat der yn in âld meubel sit? Faaks in geheim doaske mei âlde papieren, foto’s en leafdesbrieven! Brieven dy’t ferhale oer oarlochsjierren weryn’t twa minsken fan inoar skieden wurde en dochs kontakt hâlde troch mei-inoar te skriuwen. ‘It giet hjir bêst, mar al hurd wurkjen’ skriuwt er, wylst er him mear dea as libbend fielt yn it fabryk yn Dútslân. ‘Wy rêde it hjir ek noch goed op, fergelikene mei de minsken yn it westen’ skriuwt se werom mei kâlde hannen en in waarm hert.
Sokssawat.
Mar nee, leafdesbrieven út de oarloch sieten net yn it berchmeubel fan muoike Richt.
Al in oar oerbliuwsel út de jierren ’40-’45.

Wannear’t it doarke fan it berchmeubel iepene waard, sprongen ús suver de triennen yn de eagen, troch in ynkringende rook. ‘It tekoart oan sjippe yn de oarlochsjierren, sil my nea wer oerkomme’, moatst sy tocht hawwe. En sa hier se seker 20 jier, bergen goedkeape stikjes sjippe bewarre yn dat iene kastje fan it berchmeubel.

In rook dy’t krekt wat tefolle nei blommen rûkte.
In rook dy’t krekt wat te fris en te skjin wie.
In rook dy't folslein yn it hout bebiten wie en dêr nea wer út ferdwine soe.

Sa is muoike Richt noch jierren by ús west.

Fan ‘e moarn luts ik it doarke fan myn waskbakmeubel iepen... Ik liuw dat muoike Richt no in plakje by my yn de does fûn hat!


Geen opmerkingen:

Een reactie posten