Mijn lijst met blogs

donderdag 23 januari 2014

292 - Blokje



Net dat ik as famke yn it manljushúske kom, mar dochs ken ik it.
Eartiids kaam it ien gewoan temjitte; en sa ek my. Bygelyks yn it dompige gonkje by de húskes fan de ‘Aardappelbeurs’. De flier fan dat gonkje wie neffens my altiten wat klam en glysterich, en troch it yn- en útwâden ek noch smoarch. Drekkich. Boppe de rook fan bier en sigaretten kaam yn dat gonkje dy rook fan it manljushúske út. Nee, ik bedoel net de rook fan húskeguod, mar de rook fan it blokje dat yn de pisbakken lei. Wat is it yngrediïnt dat dat wite blokje fuort werkenber makket? It is oant no foar my in grut mystearje...

Ien kear hie ik de kâns om it út te finen. As studint hie ik in fakânsjebaantsje op in lytse kemping mei ien waskhok. By dat baantsje hearde fansels it skjinhâlden fan de dûsromtes, waskbakken, potten en pisbakken. En ja, it is wier: guon minsken binne grutte baargen en kinne blykber de spoaren fan harren eigen ‘guod’ net efkes fuorthelje. Mar de measte minsken kinne dat gelokkich al. Fanwegen dy pear baargen wie der de hegedrukspuit! Goed wat wetter derop mei in soad krêft, noch efkes mei in doekje de boel ôfseamje en klear wer. Al mei al foel my it skjinhâlden fan ‘it wiete diel’ net ôf.

Ien kear seach ik dat de kollega yn it biezem-, wetter-, sjippe- en amerhok in wyt blokje út in ferpakking krige, it blokje yn lytsere stikjes bruts en yn alle pisbakken in brokje goaide. Dát wie it momint om op dy ferpakking te sjen om it foar altiten en ivich te witten. Mar dat haw ik net dien.

It skjinmeitsjen fan de manljushúskes wie de earste kear dat ik oan dy kant fan it sanitêrgebou kaam, wylst ien my dêr earder al folle earder ris hawwe woe. Dat wie yn de jierren santich op kemping ‘De Noordster’ yn Dwingeloo, dêr’t wy in fêst plak hienen mei in kerreven. Yn dy tiid leinen wy gauris yn it swimbad en wie it handich dat de lange ljochte hierren der ôfknipt waarden. De frou fan in kollega fan ús heit koe wol knippe. Dat die se thús en ik wit no wol wêrom sy net yn in kappersaak wurke, want och heden wat seach ik der út! As hienen in pear mûzen yn it tsjuster as hierknippers oan it wurk west. Koart pylkerich hier. En dat hie ik ék noch in briltsje op. Wat in sneu bern.
Doe’t ik ris by de frouljushúskes op de kemping stie te wachtsjen sei in frou tsjin my: “Do moatst oan de oare kant fan it gebou wêze, hear!”

Ik tink dat der wol mear as tsien jier oerhinne gongen is, eat it grutte gat dat yn myn kwetsbere ego slein waard, wer in bytsje tichtgroeid wie...

Geen opmerkingen:

Een reactie posten