Mijn lijst met blogs

zaterdag 18 januari 2014

4711 (blog 287)

(Nei 286 stikjes skreaun yn it Nederlâns, no in tal yn it Frysk. Korreksjes op skriuwflaters binne wolkom. Oare reaksjes fansels ek.)



Wurdt it eins noch makke?

Wurdt it noch ferkocht?

En as dat sa is: wêr is dat giele guod dat der útsjocht as moarnswetter fan ien dy’t wat ûnder de leden hat dan noch te krijen? Ik bedoel dat spul, dat eltsenien weromtinken docht oan in beppe, âldebeppe of muoike: in froutsje dat eartiids wenne yn in lyts húske of keammerke yn in âldereintehûs. No ja, ‘dat eltsenien noch ken’... ik haw it dan al oer minsken fan myn generaasje en de generaasjes dêrboppe, fansels.



Ik ken it fan beppe Gep dy’t persys op de helte wenne fan de kuierrûte fan de beukerskoalle nei hûs. Nei skoaltiid strûsden wy healwei by beppe yn de hûs, foar in dropke én in pipermuntsje. Se stienen yn twa glêzen potten, rjochts efteryn de fêste keamerskast. De smaak fan dy twa, swart en wyt, tagelyk yn de mûle kin ik sa werombringe op myn tonge, yn myn holle.



Beppe Gep wie gjin ‘útgeanstipe’. Sy wie doe’t ik lyts wie dan ek al hiel âld... faaks dat se immen âld west hat! Fuort gong se dus net echt, útsein it jierlikse âldereins-busreiske, altemet gong se nei oare âlde froulju om tee te drinken (tink ik, mar it kin ek in advokaatsje west hawwe) en somtiden op snein nei de herfoarme tsjerke.

Soe se op dy mominten it fleske giel rûkersguod derby krige hawwe?

Soe se op dy mominten it dopke hoeden fan it flakontsje draaid hawwe?

Soe se dan in bytsje fan dat aromatyske wetter op in fingerein smard hawwe en dan yn de nekke? Bytsje efter in linkerear, bytsje efter de rjochter?

Of soe se der royaal mei west hawwe?

Ik tink it net. Ik likenet my earder, dat it flakontsje nei moannen en jierren noch healfol wie.



In dikke tritich jier nei de lêste kear dat ik it opsnúfde, moast ik it nochris rûke. Op nei Douglas foar de testflakon fan wat wy immen ‘ouwe klonje’ neamden. Ik wie al in skoft net yn de winkel west... en it saneamde frouljusguod dat immen oan de lofter kant stie by it deryn kommen, stie no rjochts! De winkelfamkes wienen noch like kreas klaaid en opferve, en alle pakjes waarden prachtich fersierd mei in soad linten, strikken en krollen. Net alles feroaret.

Of dochs?

Want wat in nuvere gewaarwurding... Eau de Cologne 4711 is hielendal net giel!

Hat myn eigen ûnthâld my foar it lapke hâlden? Dat moat eins wol.

Mar gelokkich, de rook is noch krektgelyk as tritich jier lyn.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten