Mijn lijst met blogs

dinsdag 21 januari 2014

290 - Benzine



Wannear’t ien in bern op de wrâld set, dan stiet fuort de wrâld fan de ‘farske’ heit en mem op de harsens. En ik doar wol te sizzen dat dat faaks noch mear foar de mem as foar de heit jildt. Dat hat dan net sasear te krijen mei de man, mar benammen mei de hormoanen fan de frou. En dêr kin sy dan wer net in soad oan dwaan. Dy dingen binne der no ien kear en wolle it moed noch wolris  yn it hûndert stjoere.

Och, wat feroaret der wol net allegear mei it krijen fan it earste bern: spontaan derop út kin net altiten mear want it bern jout de sliep-, yt- en fuortgeantiden oan. Utsliepe wurdt in kwestje fan ôfprate wannear’t de ien en wannear’t de oar dat mei. Allinnich de doar út mei freonen of nei de hobby of feriening, moat yn oerlis want wa bliuwt dy jûn dan by it bern? Faaks dat der ek noch karren makke wurde moatte, oer wêr’t it jild oan útjûn wurde moat en wurde kin. En dan de kombinaasje wurk en bern. Dat blykt foar guon lestich: op it wurk mei de holle by it bern om’t it moarns snotterich nei de opfang gien is. De snoadfoan kear op kear rieplachtsje om te sjen oft de kresj ek skille hat. En as it dan bart dat in siik bern ophelle wurde moat... dan giet dat foar en sjogge de kollegas mei in swart gesicht de mem ôfstekken: ‘fansels, wy nimme dyn tillefoan wol wer op en dogge dyn wurk wol wer hear!’ It falt net ta, dat lykwicht fine tusken thús en wurk...
En dêrom, en om noch safolle mear redenen, haw ik dan ek gjin bern. In bewuste kar en net in kwestje fan gjin bern krije kinne.

As ik dan op myn wurk gjin gedoch hawwe wol mei eigen bern, wannear’t ik fan myn neiteam bewust gjin lêst hawwe wol... WEROM MOAT IK DAN NO LEST HAWWE FAN IN OAR SINENT? Ik moat sizze dat ik no in kollega haw mei twa lytse pjutten en sy wit har húshâlding tegearre mei har man goed te ‘managen’! Ik haw gjin kleien. Dat wie jierren en jierren lyn wol oars, mei in oare kollega dy’t dan wol op it wurk wie, mar leaver thús wie. Eltse siikmelding – en dan kaam by har noch al ris foar – seach ik as ferlechje om thús te bliuwen. Ik leaude de helt fan de tiid net dat se werklik net wurkje koe fanwegen sykte. Gryp fan twa dagen... ammehûla, in goeie gryp duorret wol twa wiken! En mei in lichte ferkâldens kin ien best wol nei it wurk! Ofspraken by dokters, toskedokters, bloedlaboratoaria, konsultaasjeburo’s wienen alle kearen op har wurkdagen en ‘tafallich’ nea op de fêste frije dagen. Wat dat wie lestich: dan hie sy ommers de bern... op dagen dat se wurke wie har man thús.

Op in moarn wie se der al doe’t ik de wurkkeamer ynstapte... en der kaam my in bysûndere rook temjitte. Yn ien kear wie ik bern en werom op de Kadal. Ik ried mei de reade trijetsjiller en op myn pearse bernefyts tusken de sleat foar de sipelloads en de benzinepomp fan garaazje De Vries. Hine en wer, hine en wer. Wannear’t der in auto by de pomp stie... oh, wat wie dat fijn! De rook fan benzine. Hearlik!

It ferhaal fan de kollega wie, dat se dy moarn de auto folgoaid hie mei ‘peut’ en it tenkpystoal net automatysk ôfslein wie doe’t de tenk fol wie. En sa hie se in brede gjalp benzine oer har klean krige! U-huh... Fiif minuten letter wie se fuort, nei hûs om te ferstrûpen en te dûsen. Dan giet ien wol fier om wer op hûs oan te kinnen, tocht ik...

Haw mar net in baarnend lúsjefersprikje by har holden.      

Geen opmerkingen:

Een reactie posten