Mijn lijst met blogs

maandag 20 januari 2014

289 - Beantsjes



‘Krapte en krisis meitsje kreatyf...’
Neffens my betinke minsken dy’t gjin krapte kenne sokke flauwe, nije siswizen. Om’t it sa lekker alliterearret, tink! En om’t it dochs noch wat posityf te hâlden. No, oan krapte en krisis is neat leuks en posityfs hear!

Beppe fertelt.
Tritich jier lyn, yn de jierren tachtich fan de foarige ieu, wie der in ekonomyske wrâldkrisis. It rekordtal wurkleazen waard teld yn de perioade novimber - jannewaris 1983. It wienen der 639.000 en dat wie 10 prosint fan de beropsbefolking. Us heit wie ien fan dy 639.000 en dat betsjutte dat de húshâlding fan fiif persoanen wenje, ite, yn de klean en op skoallereiske moast, foar in pear hûndert euro de moanne. Doe hienen wy yn Nederlân fansels noch gûnen, mar dat makket it moannebedrach fan doe net ynienen in stik royaler. Krapte dus en dat betsjutte: ferhúzje, auto fuort, net mear op fakânsje, net mear alle dagen in gehakbal mar bygelyks op moandei stamppot prei mei in pear seane aaien. Iten dat ik no noch immen hearlik fyn, trouwens. Dat kin ik perfoarst nét sizze fan oare griente dat wy gauris krigen...

Wat tink ik de gedachte fan ús heit en mem wie: self túnkje kostet mar in lytse ynvestearring yn sied en poaters en jout in mearfâld oan rispinge. Fiif mûlen en magen folje koste in soad, dat elts ‘foardiel’ dat behelle wurde koe, wie fansels wolkom. En dat fan dy enoarme rispinge, dat wie ek sa: wy hienen de weareld oan reade biten en beantsjes. Dat koenen wy écht net yn in pear dagen of wiken op. Der kaam in friezer en mem stie dagen efterinoar de grienten te sieren en yn poarsjes yn blauwe pûdsjes te ferpakken. De pakketsjes waarden wat platslein, sadat se yn de friezer goed te steapeljen wienen.

It friezerreemeitsjen fan de reade biten soarge foar in grutte slachtpartij yn de keuken. Nei it sieren mei skyl, moast dy bytsje stive hûd fan de sêfte kearn ôf en dan bliedt in reade byt. Us mem hie de plestik keukenwanten derby oan, oars rûn se noch wiken mei ‘farve’ hannen om.

De sparbeantsjes hoechden net folslein trochsierd te wurden, dy waarden ‘blansjeert’. Dat jout it beantsje – hoewol’t ien fan de doelen fan dizze technyk, it behâlden fan de kleur is – in wat ûnbestimde donkergriene kleur. Alteast by ús thús. Dy frjemde kleur wie net it slimste: de smaak en de rook wienen dat al! Wat moffich en soerich. It soe samar sa wêze kinne, dat nei dat koart sieren, ús mem de beantsjes net fuort ôfkuolle mei iiskâld wetter. Faaks sierden se op it oanrjocht noch skoften troch.

Beantsjes út glês of blik, of farske beantsjes yt ik hjoeddei noch graach. Mar nea noch te nimmer wol ik de rook fan dy blanseerde friezerbeantsjes yn de noaster krije!   

Nee, it is net ‘krapte en krisis meitsje kreatyf’ mar: sokke saken soargje foar soere soargen!
beantsjes


Geen opmerkingen:

Een reactie posten