Mijn lijst met blogs

zondag 19 januari 2014

288 Bakt plestik



Jierren bin ik der net west en no likernôch alle wiken, op freedtemoarn, wannear’t ik foar it besiteprojekt fan it Reade Krús by myn merkeman delgean. Hy hat syn hiele wurksume libben mei de frou in oaljekoekskream hân, wie in reizger en gie fan doarp nei doarp, fan stêd nei stêd, fan merke nei merke (of doarpsfeest, merk of bradery) om nei moannen wer werom te kommen op it plak fan syn bernejierren: Ljouwert.

Myn ‘freedsman’ wennet no as ‘pensionado’ op it merkekamp en hat dêr in kreaze, smûke wein dy’t der fan binnen útsjocht sa as in wein derút sjen moat foar myn gefoel: mei antike, barokke meubels, keunstblommen (want de wein stie moannen leech wannear’t se reizgen dat echte blommen oerlibben dat nea) foto’s en byldsjes. En fansels is it der opromme en skjin.

Jierren reizge en gauris op deselde plakken west wêr’t er nei in jier dan wer fûstkje koe mei âlde kunde. En fûstkje koe er in soad, want myn ‘freedsman’ kin net allinnich in soad doarpen en stêden mar ek in hiel soad minsken. Ek op freedtemoarn wannear’t wy op  de merk op it Saailân yn Ljouwert omstappe, moat er efkes prate mei in grut tal merkmannen: dy fan de lapkes, de tsiis, de blommen, dy mei de glinsterjende klean en mei de man fan de gerdinen en de taffelsswilkjes.

Spesjaal op de freedsmerk is de besite oan de patatkream. Dy is fan it âld-buorfamke fan myn freedsman, en fan har man fansels want op de merk en merke binne in soad famyljebedriuwen. Op freedtemoarn sitte wy fansels noch net oan de patat en frikandellen, mar oan de sydkant fan de patatkream stiet in boerd mei: kofje, tee € 1,-. Dêr nimme wy ien bakje, prate wy wat... en rinne dan sa fuort want goede kunde fan de merke en fan it merkekamp rekkenet net mei-inoar ôf yn jild. De ien jout in bakje kofje fuort, de oar in oaljekoek en de tredde in bakte fisk. No bin ik net fan de merke en it kamp dat ik wol wol graach myn kofje ôfrekkenje, mar dat mei en kin net wannear’t ik dêr mei de freedsman bin. Dat moat ik dus nochris op oare wize dwaan...

It barde in pear wie lyn, op in freed, healwei tolven. Wy stienen oan de sydkant te kofjedrinken en te praten doe’t der oan de foarkant ien wat bestelde. It âld-buorfamke snie in aardich stik bûter ôf, smarde it op in bakplaat... en goaide doe op dat gleone swarte ding, farsk fike sipels. Ik wie ynienen wer thús dêr’t heit in pear oerbleaune, seane jirpeltsjes fan juster opbakt yn in pankoekspanne! As ekstraatsje by it bôle-iten!

 Wa’t by bakte sipeltsjes tinkt oan de hurde, brúne, súver plestik stikjes dy’t yn sekjes fan Conimex, Go-Tan en Inproba te keap binne, moat ris nei de patatkream op de freedsmerk. En dan ûnder de luifel fan it Fries Museum in broadsje hamburger bestelle en de noaster goed iepenhâlde fan it momint ôf, dat de bûter op dy hite plaat raant... hmmm, échte bakte sipeltjes...




Geen opmerkingen:

Een reactie posten