Mijn lijst met blogs

zaterdag 25 januari 2014

294 - Krijn



Op it krúspunt oan it begjin fan de Skrâns, by it spoar moat ik stilhâlde foar de ferkearsljochten. Skean foar my, rjochts, stiet in oare fytser stil, te wachtsjen op grien ljocht. Se hat in berntsje yn in sitsje oan it stjoer. No ja, in bern... It lytse ding, ik kin oan it snútsje net sjen oft it in famke of in jonkje is, hat in brún pluzerich pakje oan. Mei kapusjon. En no komt it slimste: op dy kapusjon binne twa lytse earkes naaid! En dêrmei is it brune pluzerige pakje yn ien kear in bearefeltsje. It berntsje is ferklaaid as teddybear!

‘Wat bysûnder, jo fine it mar neat dat jo in bern, in minske op dizze wrâld set hawwe?’ wol ik freegje. Of: ‘It lytse ding mei no al net mear wêze wa’t er is? It moat him of har no al oars foardwaan? Jo wienen leaver befallen fan in teddybear?’ Dat tink ik allegear, mar ik freegje it fansels net echt, want wêr sil ik my mei bemoeie. As dizze mem har bern ferklaaie wol as teddybear, moat sy dat hielendal sels witte. En ik wit net hoe gau ik harren ynhelje moat, as it ljocht op grien springt.
Ik kin it net oansjen! Fluch traapje ik oer it spoar, de Schrâns op, ik flean eltsenien foarby.
Mar gelokkich net sa fluch, dat álles oan my foarby giet: dy rook dy’t healwei de Schrâns hinget, kringelet gewoan myn noastergatten yn... de rook fan de grilde hintsjes, by de doar fan de kwaliteitslachter.

Likernôch 20 jier yt ik gjin fleis mear – mar dan wol wer fisk dat dat ‘gjin’ is net hielendal wier – om’t ik it begrutlik fyn (guon) bisten te iten. Dat wol fansels net sizze, dat ik guon smaken en roken net in lyts bytsje mis betiden. Dat missen is wier net slim, it makket it libben net minder moai, der is selfs goed mei te libjen, mar dochs.
De smaak fan in heal-om-heal gehakbal.
De útbakte spekjes troch de stampot andyvje.
De rook, de smaak én de oantinkens fan de grilde, heale hin.

Wa’t de merke fan Sint Jabik fan de jierren ’70-’80 foarige ieu ken, dy snapt fuortendaliks wêr’t dy lêste ‘tik’ weikomt. Trije dagen yn it jier waard der sûpt, swalke tusken ‘de Aardappelbeurs’ en ‘de Brouwerij’, waard der mei-lald op ‘Duo Klik-Klak’, waard der op oare skouders as oars omhongen, waarden der rûntsjes draaid yn de sweef fan Ale Kooistra (doe noch mei in echt draaioargel), waarden der oaljekoeken iten, punten fersammele en wer ynlevere by de bulldozers of griperkes.
Efkes tuskentroch: op it Bildt is fansels gjin merke mar is it ien kear yn it jier ‘met’!

Moandeitemoarn wie de merk – op it Bildt ‘de dissys’ – yn de Hofstraat en middeis foar de skoalbern de spultsjes op it fuotbalfjild. Oerlaapjend, sa oan it ein fan de moarn oant healwei de middei wie it matinee: yn de boppeseal by ‘Schuit’ spilen ‘de Wiko’s’ en waard der sa host en sprongen dat de lampe ûnder yn it kaffee boppe it biljert, hin en wer gong. Mei in bêst stik yn de kraach gong it selskip healwei de middei, yn in meanderende stream, nei it Oosteinde foar in grilde, heale hin by ‘Kip fan Krijn’. Tsientallen minsken sieten op ‘e stoepe, hingjend tsjin de gevels fan Vaartjes, Van der Meer, de Spar en oare winkels en sie lalden en songen efkes net. Der moast kluift wurde: neat lekkerder op dat stuit – nei te folle bier – as yn in fette hin omhaffelje. Oan it ein fan de middei wienen de stoepe en de dyk tsjinoer Kip fan Krijn omtovere yn in see fan hinnebonken. Moandei wie fierwei de bêste dei foar Krijn.

En myn dei is, nei de argewaasje om it bearke, ek yn ien klap wer goed! 


Geen opmerkingen:

Een reactie posten