Mijn lijst met blogs

vrijdag 27 maart 2015

306 - Myn favorite boek



Twa wike tebek hienen wy in bysûnder jubileum te fieren: fjirtich jier lyn seagen wy inoar foar it earst op it stikje grien op De Kadal! Noch foardat wy nei de beukerskoalle gongen, kaam sy by my yn de strjitte wenjen – allinnich buuv en buum Wassenaar en frou Postma skieden ús sliepkeammerkes.

Yn fjirtich jier bart der in soad yn elts libben: der komme minsken by en fan in pear moat definityf ôfskie naam wurde. Der wurde blokfluit-, swim- en skoaldiploma’s helle. Relaasjes bloeie op en bliede wer dea. De studintetiid wurdt ynwiksele foar ‘it boarchlike bestean mei in echte baan’.
En der wurdt ferhúze, en sa wenje wie no 177 autokilometers fan inoar. 

Yn dy fjirtich jier wienen der perioaden dat wie alle dagen kontakt hienen, mear perioaden dat der likernôch gjin kontakt wie, oant der wat yngrevens barde oft wy wer ris ôfpraten. Twa wike lyn setten wy om 14.00 oere op in stasjon fan Swol útein mei praten… en om 22.00 oere doe’t de trein gie, wienen wy én noch net útpraat én hienen wy gjin tel stil west. Altiten is dy spesjale bân bleaun.

By in besite oan Swol ‘heart’ eins wol: omsneupe yn ‘Waanders in de Broeren’. Mei oare wurden, in besite oan de prachtige boekesaak yn de Broerentsjerke. De kolleksje is net folslein oars as by Van der Velde yn Ljouwert, mar it folsleine plaatsje is sa prachtich: it hege gebou dat dochs sfearfol is, in brasserie en ál dy boeken. Wy joegen inoar boeketips, wikselen ús mienings út oer boeken dy’t wy beide lêzen hienen én praten fansels oer eartiids. Oer de boeken dy’t wy lienden yn de byb fan Sint Jabik. Sy lies sa’n soad dat sy healwei de legere skoalle al C-boeken útsykje mocht… se hie alle aardige B-boeken doe al lêzen. Ik hold ek wol fan lêzen mar lies perfoarst net sa fluch en sa’n soad as sy.

‘Lutje de pony’ wie myn favorite boek, fertelde ik har. It wie yn dy ‘hynderperioade’ dy’t likernôch elts famke in kear yn har libben hat. It ferhaal fan in brún-wite pony dy’t ferkocht wurdt… of sa. Want ik wit it net mear persys. Ik wit allinnich noch dat it boek djippe yndruk op my makke – foaral dy ferkeap fan Lutje wie dramatysk – en ik dêrnei in hiel soad ‘Lutjes’ tekene haw mei myn filtstiften. Ien tekening hat lang op it plankje boppe myn bêd stien. Ik sjoch it noch sa foar my: it omslach mei de brún-wite pony en myn frije ynterpretaasje dêrfan.

In pear jier lyn haw ik noch wolris socht nei Lutje op websiden fan twaddehânsboekesaken. It likende wol foar altiten ferdwûn… oant fan ‘e jûn doe’t ik ynienen oan de besite oan ‘Waanders in de Broeren’ weromtocht. Ik pakte myn mobyl en socht gewoan nóchris op ‘Lutje de pony’… en jawis: te keap oanbean op Marktplaats foar € 0,10!

De keap is sletten, mei in pear dagen haw ik – as it goed is – myn favorite boek (ea? No, dat is wat te mâl) nei in dikke tritich jier wer yn hannen.

Ik bin bang dat dit wolris de deastek fan in romantisearre gefoel wurde kin…

Geen opmerkingen:

Een reactie posten