Mijn lijst met blogs

zaterdag 16 juni 2012

278

Foar it ferhaal wie it wol aardich west dat se op it toskfleis de tinte yn stroffelen. Dat se foar myn fuotten by boskjes delfoelen. Dat se skjin oan it ein wienen. Dat se smeekten om wetter.... en dat ik dan sizze soe: earst efkes wat sizze foar de praatpeal...

Juster seach ik op twitter de oprop oft ien hjoed meihelpe woe by ‘de praatpeal’. Koartsein is dat in praatpeal krekt as dy fan de ANWB, allinnich dan net giel mar read. Hij stiet ek net by de dyk mar by bygelyks eveneminten. Oh, en in oar ferskil is dat der net in helptsjinst (of ober) mei oproppen wurde kin (‘sajant’ detail).  Yn de praatpeal sit nammentlik apparatuer dêr’t filmkes mei opnaam wurde kinne dy’t letter op de webside www.praatmarfrysk.nl pleatst wurde. No ja, de leuksten dan.
Minsken kinne harren ferhaal (yn heechút in minút) kwyt by de peal; se kinne it efkes fan harren ôfprate! Om it praat in bytsje op gong te krijen wurdt der in fraach oan de (noch wat skruten) prater steld, dy’t oanslút by it evenemint.

Watfoar doel hat sa’n praatpeal? Is it in goedkeape foarm fan terapy? Is it keunst dy’t ik net sa goed snap? Nee, nee, nee! It is in manier om minsken te wizen op de kampanje ‘Praat mar Frysk’.
Sa as it tige gewoan is dat yn it deistich libben Nederlânsk praat wurdt, is it eins ek tige normaal om Frysk te praten. Alteast yn Fryslân ;-). Frysk, gewoan omdat ik kin, sis mar. En it kin grif faker as tocht. Betiden is it hielendal net nedich om oer te stappen op it Nederlânsk. Binne twa Friezen mei-inoar Nederlânsk oan it praten om’t elk fan de oar tocht dat er net Frysk kin! Sa praat ik mei guon freondinnen Nederlânsk... om’t wy dêr jierren lyn de earste konversaasje yn fierden. Hienen wy dy alderearste kear witten dat wy beide Frysk kinne, dan hienen wy dat no noch praten. Letter nochris oerskeakelje is sa frjemd! Dat slagget net mear.

Anyways (sa no en dan wat Ingelsk moat ek kinne), hjoed stie de praatpeal yn de grutte tinte by de finish fan de Slachtemarathon en koene minsken fertelle wat harren der trochsleept hie! Wat oars fertelle oer de dei en/of oer de Slachte koe ek. Wa’t wat ferteld hie, krige as oantinken de opblaaslippen fan de Praat-mar-Frysk-kampanje.

Minsken moatte wolris wat oantrúnd wurde om harren ferhaal te dwaan en it opblaasspul moat útjûn wurde, dat der steane frijwilligers by de praatpeal.
Blykber wie der juster noch in frijwilliger te min en sa kaam op twitter de oprop stean, wa’t dy earme Sito helpe woe!
Ik koe Sito net, mar de triennen skeaten my yn ‘e eagen by de gedachte dat sa’n jonge dan net foar peal stiet, mar hielendal allinnich njonken in peal. Dat is dochs net leuk! Dus: ik reagearre en wy praten ôf foar sneon (hjoed), 13.00 oere by de Afûk-winkel yn Ljouwert.

It wie suver útstoarn op it finishterrein doe’t wy der om pakwei  13.30 oere oankamen, nei in kuier troch de drek (swier oerdreaun, hear. Bytsje wetter op it lân). Alle strânstuollen wienen noch leech, Piter stie te spyljen en te sjongen op in prachtich poadium... foar fjouwer bern. De merkekream foar de ALS-stifting fleach in slach oer de harsens troch de hurde wyn ... en wy sieten mei in kola hearlik yn de sinne te wachtsjen oant de kloften rinners oer de einstreek stappe soenen nei mear as 42 kilometer kuierjen.
In bêst plak!
Nei in dik oere begûn it wat te rinnen yn en om de tinte en sleepten wy wat ‘slachtoffers’ foar de praatpeal. Mar sa as sein: gjin minsken dy’t écht net mear de iene foet foar de oare delsette koenen. Gjin triennen, gjin djippe delten, gjin emo-tillevyzje.

Ut de tinte wei seach ik Piter mei de gitaarkoffer yn de rjochterhân en in lyts kofferke yn de linkerhân fuortrinnen troch de minsken. Skouders wat nei foarren, holle omdel.
Myn persoanlike momint fan djip begrutsjen.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten